It is dreech út te finen wêr’t it weikomt, mar it soarget al foar grutte skuorren. “It is net dat de tsjerke no ûnfeilich is”, seit Bremer. “It is dúdlik dat der wat dien wurde moat. Der stiet safolle krêft op dat der al wol stiennen út de muorre spatte.”
Steunbear docht ferkearde wurk
It is net de earste kear. Yn it ferline is alris in steunbear pleatst. “Dy hat syn wurk lang goed dien, mar no net mear. No is it effekt averjochts”, seit Bremer. “De steunbear lûkt no oan de muorre. Dy moat der wei.” Om’t it om in ryksmonumint giet, hat it tsjerkebestjoer der tastimming foar frege oan de gemeente Súdwest-Fryslân.
De oplossing is net lestich, mar al djoer. “We ha krekt heard dat we in provinsjale subsydzje krigen ha. Fierder ha we help fan Stichting Behoud Kerkelijke Gebouwen. Dy stipet ús yn it proses, mar we moatte sels ek aardich wat betelje. Der wurdt noch socht nei fûnsen dy’t wat bydrage wolle.”
Mummys feilich
De kelder mei dêryn de mummys fan Wiuwert is net oantaast, seit Bremer. “Dy sit oan de oare kant fan de tsjerke. We ha dat goed kontrolearje litten en de konklúzje is dat it gebou rûnom fierder geef is. De kelder is net yn gefaar.”
Bron: Omrop Fryslân, Tsjerke Wiuwert fersakket, mummys net yn gefaar – Omrop Fryslân (omropfryslan.nl)